Laos en Cambodja! - Reisverslag uit Kâmpôt, Cambodja van Gineke - WaarBenJij.nu Laos en Cambodja! - Reisverslag uit Kâmpôt, Cambodja van Gineke - WaarBenJij.nu

Laos en Cambodja!

Door: Gines

Blijf op de hoogte en volg Gineke

07 Februari 2013 | Cambodja, Kâmpôt

Sorry english and dutch friends but this story is going to be in Frisian again.

It waard wol wer hast tiid dat jim wat fan my hjearden. We bin ynmiddels wer in moanne fjirder en ik ha wer in hiel soad meimakke, de tiid fljocht foarby. Noch mar 6 wiken en dan is myn reis alwer foarby.

In moanne lient wie ik yn de haadsted fan Laos, Vientiane. Ik ha fanut der in nachtbus pakt mei Marjolein (in famke ut Amsterdam). Har wie ik al in pear kear tsjinkaam underweis en fanof Vientiane ha wy mei syn twanen reiziche. Nei in lekker hobbelig nachtje yn in twapersoansbed yn dizze bus kamen wy oan yn Pakse, dat leit yn suden fan Laos. Der is fjirder net folle te belibjen, mar wy ha der in scooter huurt en bin trije dagen op paad gongen. Us grutte backpack hienen we yn in hostel efterlitten dus we hienen allinich in lytse regsek by us. Marjolein hie noch net sa faak op in scooter rieden en riede leaver net dus ik ha it hiele ein rieden, wat ik helemaal net erch foen! No seagen we eindelyk it echte Laos, net de steden mar it echte plattelan. Allegear skattiche doarpkes en berntsjes die nei us swaaiden. Ek stuts dr sa no en dan in hiele kinderboerderij de dyk oer wertroch we regelmatig op de rem moesten. Foaral hunen, hinnen, buffels en kei rinne de hiele tiid de dyk oer. Nei in tocht fan in pear oeren (we wynen btw noch mei twa franske famkes) langs in pear moaie waterfallen en in koffieplantaasje, kamen we oan yn it doarpke Tat Lo. Hjir funen wy in fijn hostel en ha we heerlik twa kear iten by Mama Pap 'small cost big food' En noch mar in pear waterfallen besjoent. Waterval is yn it Laosiaans Tat, dus wy ha aardich wat tatten besjoent underweis.

De folgende dei wer fjirder op de scooter, wer lans wat tatten (dit kear sunder de franske famkes die wienen achter bleaunt yn Tat Lo) allegear moaie utsichten en yn it paad rinnende buffels. Toen wy op syk gongen nei in hostel bliekte dat wat lesticher die hienen se hjir net echt. We soenen al hast wer werom riede nei in grutter stedsje toen we op in feestje stuiten. De Laosianen woenen us dr mar wat graach by ha, dus ha wy in pear bierkes mei hun dient. Se wolle ungefear elke 10 seconden mei dy prooste en skinke dy de hiele tiid wer by, erch gesellich. Toen we seinen dat we op siek wienen nei in hostel sei it famke (dr wie dr mar ien die Engels koe, Pah) dat we wol by har sliepe koenen. No dat woenen we wol! Dus nei noch in pear bierkes wy achter har en har freon op de scooter nei in doarpke fjidderop. Der kamen we ut by ien grutte bouwval, It hus hie hast gjin muorren en we hienen dus in moai utsicht fanut binnen. De keuken wie buten en de badkeamer wie in toene wetter. Op us fraach wer de wc wie kriegen wy as antwurd: 'toilet everywhere' Haha oke, yn de boskjes dus. We foenen it al helemaal leuk. Nei wat hannen en fuotten taal mei de heit en mem fan Tom (Poh har freon) freechen se at we ek mei woenen nei de kroech. Tuurlijk. Wy wer op de scootter, 10 km fjirderop yn ien oft oare skuorre wer gjinien wie wer wat bier dronken. En om 9 oere mar wer nei hus, terwijl wy omheech de moaiste stjerrehiemel yn tiiden seachen. Iederien giet hjir betiid op bed en om 6 oere bin se allegear wer ut bed. Wy dus ek mar. Genietend op us bedsje omheech sjent nei de tuzenden stjerren. Wauw wat in aventoer.

De folgende moarn ofskied naam fan Tom, Poh en hun famylje en wer op de scooter stapt. En no kaam it moeilijkste stik fan us tocht. 70 km dirtroad. 60 km wie wol te dwaan, we koenen der noch aardich trochriede. Mar 10 km wie wol sa min, allegear los san en grutte keien, we moesten regelmatig stoppe en kamen mar hiel langsaam foarut. Mar we ha it oerlibbe en ha ek noch in pear tatten oandient underweis. Nei noch in oantal kilometers kamen wy op it ein fan de dei wer oan yn Pakse. Mei in seare kont fan it riden, 379 km op de teller en in hiele ervaring ryker. Foar in noch utgebreidere ferzje fan uze loop kin jim ek noch op Marjolein har website sjen die hat dr in hiel ferhaal oer skreaun. mijn-grote-avontuur.reismee.nl

De folgende dei binne Marjolein en ik op de bus stapt nei de 4000 Islands. Dat leit hielendal yn it sudelikste puntsje fan Laos. It binne dr net echt 4000 mar in pear hunderd. Eilandsjes yn de rivier. Hjir hienen wy in bungalow oan it wetter mei in hiele moaie sinneundergang elke jun. Wy sieten op it eilan don det en der binne foarnamelik backpackers. Dus us dagen bestoenen ut in bytsje luierje yn us hangmat en juns bierkes drinke en fikkiestoke op it stran. Ek ha we hjir noch in kayaktour dient wat hiel leuk wie. Troch stroomversnellingkjes en oer de hiele grutte rivier. Wer we de Irrawady Dolphins sjoent ha.

Nei trije dagen op Don Det binne Marjolein en ik de grins oergongen nei Cambodja. Dit gong natuurlik allegear wer op syn Laosiaans/Cambodjaans, of terwyl 2 oeren wachtsje op in bus en ast dr ienmal iensist noch res in oere terwyl gjinien in idee hat wer je eins op wachtsje. By de grins ek wer in oere wachtsje tot alle stempels yn de paspoorten stoenen en toen wienen wy eindelyk yn Cambodja! Us earste nachtje ha wy trochbrjocht yn Kratie, in plakje oan de Mekong River. Wat us metien opvoel wie dat hjir in hiel soad frouwen yn pyamas runrinne. Yn hiel Cambodja sjoch ik it, frouwen yn pyama, in hiel gek gesicht.

De folgende moarn ha wy in bus pakt nei Siem Reap. Siem Reap is bekend om Angkor Wat, de tempels. Hjir bin wy dan uiteraard ek west. Moarns om 5 oere stoen us tuktuk klear om us nei dit grutte tempelcomplex te bringen en de hiele dei hjir run te rieden. Werom sa betiid? In grutte highlight wie skienbar de sunset boppe Angkor Wat, no dat woenen wy natuurlik net misse. Dus midden yn de nacht sieten wy yniens as in stel skiep bij elkoar pakt tusken allegear oare toeristen by Angkor Wat. Mar nei in oere wachtsjen kaam dan toch eindelyk de sinne op, en dit wie it wol wurch hjer, Wauw. De spiegeling yn it wetter fan Angkor Wat en alle moaie moarnskleuren. De rest fan de dei ha wy tegjeare mei alle oare toeristen (en dit wienen dr in soad) de tempels fan Angkor Wat en alle oare tempels hjir besjoent. Ek de tempel wer de film Tomb Raider opnaam is, hjir groeie de beammen gewoan troch de tempels, erch moai.
Juns uttelt yn us hostel ha wy mar besluten dat ien dei yn dit tempelcomplex mear as genoch wie, dus de rest fan de dagen ha wy yn Siem Reap trochbrjocht, wat wy in erch fijne sted funen. Mei lekker iten en in leuke markt.

Nei 4 dagen yn Siem Reap binne wy nei Phnom Penh ta gongen. De haadsted fan Cambodja. Ik gean no in bytsje sneller troch it ferhaal want it internetcafe giet hast ticht en ik wol de fotos ek noch pebjearje te uploaden. Yn Phnom Penh bin wy Petra tsjinkaam, in famke ut Alphen aan de Rijn. Wy wienen har al in pear kear tsjinkaam yn Laos en no dus wer yn Phnom Penh. Mei har en noch in pear binne wy op stap west yn Phnom Penh, dit wie in hiele beleving. Ik ha noch nea safolle ferskillende minsken by elkoar sjoent. Ladyboys, hoerkes, alde westerse mantsjes en homos, allegear by elkoar.
De folgende dei mei Marjolein nei Frida de Boer. Sy runt mei har man in weeshus hjir yn Phnom Penh. Erg interessant om te sjen hoe dat hjir giet. En troch mei Frida te praten ha ik in hiel soad oer Cambodja leert. Sy hat us in soad ferteld. De bern hienen it goed yn it weeshus en we ha ek by hun skoaltsje wist. Erg bliid dat ik hjir west bin. Bedankt Frida, foar de runleiding. Marjolein en ik gongen wer werom de sted yn mei syn twanen achterop ien moto (in scooter) Alle cambodjanen en yn Laos en Thailand ek trouwens sitte altyd mei syn allen op in scooter. Hiele gesinnen, winkels, libbende bisten en oare motos kinne se halde op die dingen.
Yn Phnom Penh binne we ek nei de S21 prisson en de killing fields wist. Hiel yndrukwekkend. mear dan 2 miljoen cambodjanen ha it libben litten 35 jier lynt.

Us folgende bestemming wie Sihanoukville. It stran! Hjir ha wy in hiele fijne bungalow funt op Otres Beach. In hiel stran hast foar ussels, in hangmat, lekker stranstuollen, en heerlik iten. De eigenaren fan us bungalowparkje wienen namelyk Italianen, dus elke jun en middei en soms moarns ek al sieten wy oan de heerlykste pastas en pizzas. It wie allegear wol wat boppe us budget mar we ha it dr mar even fan naam en dr heerlyk fan genoten. Ek hienen we hjir wer mei Petra ofpraten, dus die kaam us fergesellen yn us bungalow. We ha net allinich mar op it stran leint we ha hjir ek noch in trekking dient yn in National Park. Mei syn trijen op ien scooter dr hinne uiteraard, en dernei lekker switte en lekprikt troch de neven troch de jungle in berg oprinne. Mar we hienen wol in hiel moai utsicht as belening, dus it wie it wurch. Dernei mar wer utreaste op it stran :p We bin ek noch op stap west op Serendipity Beach, in pear km fjirderop, hjir kamen we ek wer twa nederlanders tsjin dy we al koenen, dus we ha in hiele geselliche nacht han. hjelve 7en thus en 7 oere moest marjolein op de bus nei Vietnam. Petra en ik ha noch twa dagen op it stran leint en we ha ek noch in snorkling en fishingtrip dient. Earst snorkelje en de moaie fisken besjen en se ferfolgens dr ut fiskje, erg leuk. We ha dr elk helaas mar ien fongen (Petra har earste ooit) en juns ha we se barbeknoeit op it stran! Leuk om je eigen fongen fisk op te iten, wie ek noch best lekker.

1 februari binne Petra en ik Kampot ta gongen, dit leit ek noch oan de kust fan Cambodja. En hjir bin ik no noch steeds. We ha hjir net safolle dient. Ien dei in scooter huurt en de omgeving ferkent. Bierkes dronken by de sunset oan de rivier en by in local op besoek wist. Twa dagen lynt is Petra fertrokken nei Thailan en moarn gean ik nei Vietnam. Der ha ik sin yn! It namelyk 10 februari Chinees Nyjier en dat fiere se utgebreid yn Vietnam, Tet hiet it der. En dat kin ik noch krekt meimeitsje. It hiele lan mat dan in wike lang plat lizze, minsken sykje hun famylje op, en dr mat allegear lekker iten op strjitte te krijen weaze. Ik gean moarn nei Ho Chi Minh City, in superdrokke sted fol mei scooters. Ik mat derfoar san 12 oeren yn de bus sitte.

Yn Vietnam blieuw ik precies 30 dagen en dan flean ik 8 maart fanof Hanoi (yn it noarden fan Vietnam) werom nei Bangkok. Myn plan is om dan noch san 10 dagen ergens op in stran yn Thailan trjoch te bringen en ferfolgens flean ik 21 maart alwer werom nei Fryslan. It giet fjirstente hurd. Mar ik geniet noch folop.

Myn website is op de ien oft oare manier al fol, dus fotos krij ik dr net mear op. Jammer foar degenen fan jim die gjin facebook ha, want der set ik se dan mar op.

xx

  • 07 Februari 2013 - 16:53

    Marjolein:

    Ik heb je verhaal ontcijferd, leuk!! Mis je friese nuchterheid wel hoor! X

  • 07 Februari 2013 - 17:01

    Wiep:

    Gineke,

    Wat wer in avonturen! Bin nijskjirrich watst allegearre yn Vietnam meimakkest.
    Noch mar even fan genietsje!!!
    It is sa foarbij.

    Groetnis,
    de Hovenga's ut Langwar

  • 07 Februari 2013 - 18:58

    Karin:

    Heee Gineke, super leuk om wer in ferhaal fan dy te lesen!! Echt geweldig wast allegear dochst en meimakkest! :) Genietsje nog efkes lekker fjirder soe ik sizze. En tot snel! ;)


  • 07 Februari 2013 - 20:00

    R.cnossen-visser@.nl:

    Leave Gineke,

    Betanke foar dyn berjocht en genietsdje mar,want de tiid is samar foarbij.
    Hjir is alles tige goed en in tut en folle leafs fan beppe.

  • 07 Februari 2013 - 21:37

    Dorien Hovenga:

    nou Gineke, wat weer een spannend verslag, en wat leuk al die contacten die je zo opdoet.
    Ook je foto,s zijn mooi! Wij zijn zo langzamerhand toe aan wat groens in de natuur , heb het nu wel weer gehad met de winter.Er heerst hier een griep epedemie in Nederland, gelukkig hier nog niemand ziek. Ik zou zeggen geniet nog maar even, en als je dan weer terugkomt staat hier het voorjaar voor de deur, ook prachtig! De groetjes uit Marssum , en natuurlijk een Fryske Tut!

    Dorien.

  • 07 Februari 2013 - 21:53

    Hiske:

    Hoi Gineke,

    Geweldich watsto allegear belibbest! Ik winskje dy noch in hiele moaie tiid ta dêr. Bin wol benijd hoe't it Tet wêze sil op 10 febrewaris.

    Groetnis fan ús allegear,
    Hiske

  • 08 Februari 2013 - 09:43

    Mem:

    hoi Gineke, mooi ferhaal, oant gau op whatsapp.
    We binne net takommen oan it skypen juster, moarn mar pebearje.

    tut mem

  • 11 Februari 2013 - 15:18

    Theresia:

    Hoi Gineke,
    Wat een ferhaal! en leuk datst by Fieda west bist. Genietsje noch mar efkes lekker it kin no noch, Gerben is Afrika ûndertusken al lang wer fergetten!
    Oant gau! X
    Theresia

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Cambodja, Kâmpôt

Gineke

Actief sinds 17 Okt. 2012
Verslag gelezen: 613
Totaal aantal bezoekers 6381

Voorgaande reizen:

25 November 2012 - 21 Maart 2013

Azie

Landen bezocht: