Northern Thailand en Laos - Reisverslag uit Vientiane, Laos van Gineke - WaarBenJij.nu Northern Thailand en Laos - Reisverslag uit Vientiane, Laos van Gineke - WaarBenJij.nu

Northern Thailand en Laos

Door: Gineke

Blijf op de hoogte en volg Gineke

07 Januari 2013 | Laos, Vientiane

It is alwer even lynt, mar hjir wer in ferhaal fanut Azie. Ik ha alwer aardich wat meimakke sinds myn leatste bericht. Ik bin no yn Laos. Yn Vientiane, de haadsted fan Laos. Prachtig!!

Trije wike lient bin ik fan Bangkok mei de trein nei it noarden fan Thailand reiziche, nei Chiang Mai. De nachttrein wie in stik better dan de nachtbussen die wy oant no ta han ha. Ik hie lekker myn eigen bedsje en koe lekker runrinne troch de trein. En Chiang Mai wie echt prachtig! In stik relaxeter as Bangkok en genoch te dwaan. Ik ha de sted ferkent mei Katy en in scooter huurt en de berg opscooterd nei Doi Suthep, in tempel mei in prachtig utsicht oer de sted. De rest fan de dagen yn Chiang Mai ha wy net safolle dient, lekker relaxed, by it swimbad leint en alle markten besocht.

De 23e bin Katy en ik mei de bus nei Pai ta gongen, dit wie in erch slingerende dyk de berg op richting in erg moai doarpke. Hjir ha wy wer in scooter huurt en de meast moaie utsichten en waterfallen besjoent. Ek ha wy kryst fiert yn Pai. We wienen toen yn in erch leuk hostel mei allegear bungalows en supersoad backpackers. 1e krystdei ha ik dan ek foarnamelyk trochbrjocht mei in bierke yn myn han. De gastfrou hat heerlik Tais iten foar us makke en de rest fan de jun ha wy us fermakke by it kampfjoer, heerlike kryst han.

Twadde krystdei bin Katy en ik in oare kant op gongen. Katy richting Laos en ik werom nei Chiang Mai. Ik woe graach noch in nachtje trochbringe yn it leuke hostel der, even noch wat mear relaxe myn klean utwaskje etc. en fanut der in tour boeke nei Laos. Katy woe dr metien hinne. Yn myn keamer yn Chiang Mai kaam ik in famke tsjin ut Hongkong, Mikami, die deselde tour nei Laos boekt hie as my, dus de folgende dei (nei myn hearlike ontbytje fan de markt wat ik elke dei yn Chiang Mai hant ha, yoghurt fruit muesli) bin Mikami en ik op de bus stapt richting Laos.

Nei in hele dei yn de bus kamen wy om 5 oere middeis by de grins fan Laos oan. En toen begong it. Border trouble! We kamen dr net yn! De grins nei Laos liet gjin minsken mear troch. Dit omdat dit in hiel rustich borderpoint wie en se wat problemen han hienen de leatste dagen. Der stean je dan mei 24 toeristen. Us buskes wienen ynmiddels werom thailand yntrokken dus wat tho do. eeehh. Toch mar in stempel helle dat we Thailand utgongen en rinde nei Laos. Dit is san 500 meter rinnen nei de folgende stempelpost. Healwei kamen dr al in pear minsken werom. We kamen dr echt net yn, se woenen us gjin visum jaan en se laken allinich mar. haha oke. Toch mar der hinne run, want ja werom is ek net echt in optie. Nee we kamen dr net yn. En de klok begong te tikjen. 6 oere gong de grins echt ticht. Se lieuwden net dat wy op in tour wienen want gjinien fan us wist de namme fan it hostel wer wer sliepe soenen. Mar nei in oere underhandeljen en yn spanning wachtsje mochten we dr toch yniens yn. It wie ynmiddels oer 6en mar dr waard noch in mantsje opbelle en we koenen ynchecke. Dit duorret ferfolgens noch in dik oere want dr mat fan alles undertekene bestempelt en betelle wurde (inclusief de 20 bath overtime fee omdat it nei 6en wie, 0,50 eurocent :p) Yn in buske stapt nei us hostel, en de hele jun trochbrjocht op in familiefeestje tsjinoer us hostel. In hele beleving. In karaokefeest (dit is iets echt Laos folgens my, we sjoche it hjir oeral) Se woenen us mar wakker oan it bier ha en allegear hapkes (what is it? chicken? yes chicken. ok net dus), en die blondine oan it dunsjen fiene die laosianen (is dat in wurd?) ek best bysunder. De folgende dei op de boat stapt riching Luang Prabang. Dat wie in hiele moaie tocht oer de Mekong River. We hienen de VIP boat, dus lekker sachte stuollen yn pleats fan de houten bankjes op de oare boat (wer je dan 2 dagen op sitte matte). Mikami en ik ha sels in masage han fan Mitchi en Lynnea want die hienen in voetmassagecursus dient fan fjouwer dagen, best genoch! Nei de noadiche BeerLao en kaarspultsjes kamen wy oan Luang Prabang.

Yn Luang Prabang ha ik 6 nachten west. In heerlike sted. Lekker relaxed, in fyts huurt, nei it swimbad west, in berg beklommen mei in super utsicht, nei it alde palys fan de kening west, en in hiel soad baguettes iten. Dizze sted wie froecher de haadsted fan Laos en it had in hiel soad Franske ynfloeden. Trochdat we hjir sa lang bleaunen en it net al te grut is komme je hieltyd deselde minsken tsjin. Fytst mei Sarah, Kevin, Katy en Mikami. Noch trije nederlanders tjinkaam, Marjolein Karim en Robert. De twa masseuses Lynnea en Mitchi en noch in aantal oaren. Dus tsjin de tiid dat it aldjiersdei wie en wy yn Utopia (in grutte butenbar mei in dunsflier fan san en utsicht op de rivier) it nijjier utsieten koenen wy supersoad minsken! Supergesellich! Ha it aldjier yn Fryslan gjin momint mist.

2 januari ha ik tegjeare mei Mikami in scooter huurt en bin wy nei in grutte waterval ta riden. Neidat ik Mikami hjedder al swemmen leert hie (dit kinne chinezen namelik net) ha ik har no ek scooter riden leert, haha. Mei de scooter troch dit moaie lanskip ride is ek echt fantastisch.

3 januari ha ik de bus naam nei Vang Vieng. Ik ha ofskied naam fan Katy en Mikami en de rest. Katy is nei Vietnam ta gongen en Mikami wer werom nei Thailand. Dus no wie ik foar it earst in kear echt allinich. In hiel krap buske troch de bergen slingerje en in hiele minne dyk. Gelukkich makken myn eigen lekker muzyk en it fantastyske utsicht in hiel soad goed!
Sadra ik ut it buske goait wie waard ik alwer in leuk hostel ynlokt en der hie ik foar it earst sinds myn trip myn eigen keamer mei badkeamer! Foar mar 40.000 kip per nacht (dat is ungefear 4 euro, ja ik bin hjir miljonair, krekt monopolie :p) Oant no ta wie ik altyd yn in dormroom of in keamer deelt mei Katy of Mikami, dus even allinich is sa gek noch net. Juns lekker iten mei twa minsken die ik tsjinkaam yn it hostel yn in restaurantsje wer je de hele dei ' friends' sjen kinne en de dei dernei lekker hielendal niks dient! ek wol res lekker!

De dei dernei ha ik foar it earst in scooter huurt mei fersnellingen, dat hie ik noch net dient, mar wat in makkie is dat ek. En ha ik de omgeving ferkent. By de blue lagoon (helder wetter mei in skommel) kaam ik de trije nederlanders fan Luang Prabang wer tsjin dus dat wie wol gesellich. Ha noch in grot besocht en de loop van Vang Vieng dient op de scooter yn myn ientsje. Allegear heuvels, hiele minne dyken, kei op de dyk en genoch te sjen. Wauw wat in utsicht! De jun trochbrjocht yn in gesellice pub yn Vang Vieng mei Marjolein, Karim en noch in oantal oaren en de folgende dei: tube!!!

En helaas it tuben is net mear wat it west is Tsjeard en Jannie. Alle kroegjes langs de rivier binne namelik ticht omdat dr tefolle deaden falle. Tube is namelyk yn in trekkerban de rivier deldobberje en undertusken alle kroegjes en slingers utpebjearje.
Hjoed is it tuben: in tas mei bier keapje, oan dyn ban hingje en yn in grutte groep de rivier delstrome. Ek hiel gesellich, mar net mear wat it wol west hat. Mar omdat wy mei in groep fan san 30 lui wienen en in hostel healwei de route oandienen om us bier by te fullen wie dit nochsteeds echt supergesellich!

Hjoed ha ik de bus naam fan Vang Vieng nei Vientiane, de haadsted fan Laos. Ek Marjolein, Karim en Robert binne hjir no en mei Marjolein gean ik warskynlik nei it suden fan Laos hjirnei.

Dus, ik fermeitsje my noch hieltyd prima! De tiid giet hurd, ik ha al 6 wiken han, noch 10 te gean. En die gean ik trochbringen yn Laos, Cambodia en Vietnam. Bedankt foar alle leuke reaksjes die ik kriegen ha, gean sa troch en ik hald jim op de hichte fia facebook en dizze site. Oja en noch in lokkich nijjier!

tut Gines

de foto's dogge wer even moeilijk, mar se komme dr oan!

  • 07 Januari 2013 - 16:23

    Gineke :

    jeejj de foto's is ek wer lukt!

  • 07 Januari 2013 - 16:39

    Maaike:

    Ach wat weer een heerlijk verhaal! Ik doe er ongeveer 45 minuten over om het te lezen maar dan is mijn Fries wel weer op pijl ;) Geniet maar lekker van de komende 10 weken! Hier is het grijs en saai ;) Stage gaat goed en deze week werken voor Eurosonic :) Tot over 10 weken, de wijn staat koud! xxx

  • 07 Januari 2013 - 18:39

    Jannie Miedema (fan'e Romte):


    Hoi Gineke,
    Wat in pracht ferhaal fan dy. No wat belibbest in protte en wat sjochst ek in soad.
    Il winskje dy fierders noch in hiele goeie tiid dêr.

    Groetnis Jannie Miedema

  • 07 Januari 2013 - 19:33

    Hiske Zeinstra:

    Hoi Gineke,

    It wurdt al wat avontoerliker. Moai ferhaal datst tusken dy twa grinsposten yn fêst kaamst te sitten. Prachtich datst dat famke swimmen en scooterriden leard hast. Ik fyn it ek hiel moai datst it sa gesellich hast en datst dy sa maklik oanslúte kinst by oaren.

    Noch in hiele moaie tiid tawinske.

    Groetnis,
    Hiske

  • 07 Januari 2013 - 20:52

    Wiep:

    Hey Gineke,

    Hearllk om dyn ferhalen te lêzen. Hast it goed nei't sin. Moai om te lêzen dat it dy allegearre sa maklik ôfgiet.
    We winskje dy noch in moaie tiid, pas goed op dysels en genietsje der mar goed fan. Tsien wike binne samar om. Hjir is it grau en griis, motrein en it wurdt sa'n dei as hjoed mar krekt ljocht. Dus do hast in hiele goede tiid utsocht.
    Groetnis fan us allegearre!!

    Wiep

  • 07 Januari 2013 - 21:43

    Tsjeard En Jannie :

    Hey Gines,

    Super moaie ferhalen en wy herkenne en hiel soad dingen! De boardercrossings binnen yndie een drama dêr. Wy binne wol erg jaloersk, krije de kriebels wer at we it allegeare lêse. Jammer dat it tuben net mear bestiet yn de foarm sa at wy dat dienen, mar it principe is itselfde bleaun, bier drinke yn de trekkerbân!

    Gines zet um op, beleef safolle ast kist en der komt noch folle mear moais oan! It súden is ek prachtig
    moai!

    Leafs, Tsjeard en Jannie

  • 07 Januari 2013 - 22:31

    Sanne:

    Heej Gineke,

    Leuke verhalen allemaal! Volgensmij verveel jij geen moment en geniet je enorm!

    Veel plezier nog in Azie!

    Tut Sanne

  • 08 Januari 2013 - 10:14

    Henk:

    Hoi Gineke,

    Prachtig verhaal weer en mooie foto's. We zouden zo willen ruilen;-)
    Veel plezier en....
    Take care!

    Groeten,

    Denny en Henk





  • 08 Januari 2013 - 10:25

    Anneke Verbeek-Gaastra:

    Hé Gineke!
    Wat in moai reisferslach hast skreaun en geweldige foto's derby! Do makkest hiel wat mei en sjochst wat fan de wrâld! Wat in bisûnder lân en sa oars as hjirre. Fyn datst net allinne bist, trefst in soad minsken sa.
    Foar dy ek in sûn en lokkich 2013 tawinske, in goede reis fierder en groetnis, Anneke en famylje.

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Laos, Vientiane

Gineke

Actief sinds 17 Okt. 2012
Verslag gelezen: 581
Totaal aantal bezoekers 6379

Voorgaande reizen:

25 November 2012 - 21 Maart 2013

Azie

Landen bezocht: