Bangkok, Ko Chang en Phuket! - Reisverslag uit Mueang Phuket, Thailand van Gineke - WaarBenJij.nu Bangkok, Ko Chang en Phuket! - Reisverslag uit Mueang Phuket, Thailand van Gineke - WaarBenJij.nu

Bangkok, Ko Chang en Phuket!

Blijf op de hoogte en volg Gineke

05 December 2012 | Thailand, Mueang Phuket

No ik bin dr hjer! En wauw wat ha ik al in soad meimakke sinds ik hjir bin. Ik sil even by it begin beginne.
Snein 25 novimber bin ik fertrokken fan Skiphol. Ik hie in grut utswaaikommitee, dat wie gesellich. Myn fluchten nei Istanbul en dernei nei Bangkok gongen goed, heerlijk films sjoent en lekker iten.
En toen kaam ik oan yn Bangkok, en dan... Ja der stean je dan mei je swiere tas midden yn die miljoenensted. Dan begint it pas echt. Want pebjearje der je hostel mar res te fynen. Mar ik ha it foent, dus dat foen ik best in prestaasje. op myn keamer trof ik in famke ut Amerika, mei har ha ik de juns op sjouw west, mei in tuktuk nei Chinatown, heerlik iten midden op strjitte, wat in minsken hjir alles krioelt hjir mar troch elkoar hinne. Se ite allegear op strjitte dus it is megadrok mar erch gesellich. Iederien pebjearet dy yn hun winkeltsje te krijen om wat te keapjen. Miss you come here, very cheap, special price for you. We bin nei in goedkeape market west en ha us ek noch in bar ynprate litten mei in pingpongshow, wer ik fjirder net tefolle oer utweide sil.
Woansdei wie dr in soartemei festival yn Bangkok dus oeral muzyk ensa. Ek ha wy in bole (yn de foarm fan in skildpad en roze) loslitten yn de rivier, mei in kerske en wierook dr yn. Iederien die dat hjir dus wij woenen dat ek dwaan we ha mar in goeie winsk dient foardat de fisken de boke opieten (ik wie mei Katy, Julie wie inmiddels wer fjirder op har reis, underweis nei Shanghai)
De folgende dei kaam dr noch in famke by, Katy ut Manchester, Engelan. Mei har reizichje ik nochsteeds en mei Kathee ut Texas. Julie gong wer fuort en mei syn treien ha wy de dagen dernei Bangkok ontdekt, echt in bruizende sted mei allegear goedkeape dingen, heerlijk.
De freeds bin wy mei syn treien fertrokken nei Koh Chang. Dat is in eilan flakby Cambodja mar noch wol yn Thailan. We hienen no wol sin yn stran. Nei hast in dei yn de bus kamen we by de pier, en wauw der is de see! Fantastisch, helemaal mei dit waar want it is hjir elke dei minstens 30 graden. Earst moest ik der wol oan wenne, want it is erch fochtig dus switst dy dea. Mar no bin ik dr wol oan went. It iten is hjir trouwens ek fantastisch, kinst fanalles keapje oan de kant fan de dyk. Der yn letter wol res mear oer oars wurd it in te lang ferhaal.
Yn Koh Chang ha ik san twa oeren op it stran leint, en dernei wie ik sa read as in tomaat. Mar dat is ynmiddels moai brun wurden. Fjirder ha wy der lekker bierkes en cocktails dronken yn in gesellich kroechje (ien fan de vele kroechjes der)
Ik wol dit ferhaal net te lang meitsje (wat net lukt) dus ik gean gauw troch nei Phuket. Snein ha wy in bus naam wer werom nei Bangkok. En dernei binne wy yn de nachtbus stapt nei Phuket. Yn totaal wie dat san 24 oeren achterelkoar yn de bus, mar it wie best te dwan. Yn Phuket sels is net folle te dwaan dus we binne metien trochreise nei in kustplakje op Phuket Island. Kata. Hjir is it best toeristisch mar ek erch moai, super stran, en de zonsondergang is fantastisch. We ha hjir in bungalow hiert wer we mei syn treien yn sliepe. Dus de leatste pear dagen ha ik foaral op it stran trochbrocht of op us balkon mei in bierke.
Alles giet hjir hearlyk relaxed en it komt sa at it komt, dus helemaal wer ik fan hald. Mei syn treien fermeitsje wy us prima en we doche elke dei wer we sin yn ha.
De rest kin jim wol sjen oan de foto's hoop ik, die sil ik ek even tafoeche. Ik bin soms ek wol te fynen op whatsapp want de measte hostels ha dit gewoan.
Jim in fijne Sinterklaas!! wy ha hjir ek feest want it is the Kings Birthday. In soartemei koninginnedei hoop ik :p
Jim hjeare wol wer res fan my, mar gjin idee wannear :p
De fotos kin ik net uploade op dizze computer dus die komme letter. Dat is wol jammer want die binne super.
xx Gineke

  • 05 December 2012 - 13:12

    Hieke :

    Wauw, dat klinkt echt super lekker! Sa he je samar in hiel oar leventsje...
    Ik hie op de foto's fan die oare famkes ek al sjoent dast dy wol fermakkest der.
    Leuk (mar wol jaloersmakend;)) om sa in bytsje op de hichte te blieuwen.
    Geniet d'r mar lekker fan, mar dat is foar dy net sa'n probleem tink ik!

    Leafs Hieke

  • 05 December 2012 - 14:44

    Carla Degenkamp:

    Super Gineke dat je het zo naar je zin hebt ik zie de foto,s op facebook en ja je bent al mooi bruin en fijn dat je wat reis vriendinnen hebt getroffen ik vindt het leuk dat ik je reis zo kan volgen ik wens je nog heel veel plezier en tot je volgende verslag

    dikke tut Carla

  • 05 December 2012 - 15:45

    Karin:

    Hee Gines! Wat geweldig om dit ferhaal oer dyn earste belevenissen te lêsen :) Wat kin alles dan hurdt gean.. freondinnen meitsje en in oar lân ontdekke. Moai dast dy al sa thus fjilst der! Gean sa troch, en bliuw us op'e hichte hâlden. Dat fyn'k leuk! ;)

    Leafs Karin

  • 05 December 2012 - 16:16

    Agnes En Eida (Fardau Is By Sven):

    Hee levensgenieter...30 graden en dan elke dei dwaan wer je sin yn ha....joehoe...
    Hjir is it hjoed foar it earst wyt buten....ek leuk.
    Fijne keningsdei der, wy slaan us hjir wol troch de hege wite snie hinne..XXX

  • 05 December 2012 - 18:29

    Sietse En Sandra:

    Hee Gineke, hast der in moai ferhaal fan makke! Sa te lezen bist hielendal op dyn plak! Wy wolle dy noch efkes in hiele fijne reis tawinskje!!!! Geniet!!!!!!!!
    Dikke tút Sietse en Sandra

  • 05 December 2012 - 22:34

    Hiske:

    Hoi Gineke, wy kinne ús in hiele goede foarstelling meitsje fan watsto dêr sjochst en meimakkest! Ik kin it hast sjen, hearre en rûke as ik dyn ferhaal lês. Wy ha ek al ris op Kings Birthday yn Bangkok west. Genietsje der mar lekker fan dêr!
    Groetnis fan Hiske.

  • 06 December 2012 - 16:36

    Wiep En Jouke:

    Hey Gineke,
    we krije der ek al wer hielendal sin oan, sokke moaie ferhalen. Witte dat it der sa moai is. Binne jierren ferlyn fan Pucket nei Phi phi gongen. Net te beskriuwen sa moai.
    Wy binne nyskjirrich watst fierder dwaan giest. Sille dy folge.
    Genietsje der mar lekker fan!!
    Groetnis Jouke en Wiep

  • 06 December 2012 - 20:00

    Henk :

    Hi Gineke,

    Mooi verhaal en wow 30 graden!! Wij zitten in de sneeuw met de pepernoten en taaipoppen van gisteravond. Hmm, ben benieuwd of jij ook al T(h)aipoppen bent tegengekomen;-)
    Veel plezier en take care!

    D&H


  • 07 December 2012 - 13:51

    Maaike:

    Dag leave,

    Het heeft even geduurd (want ja het is allemaal in het Fries) maar ik heb je verhaal kunnen lezen en de strekking is me helemaal duidelijk: je hebt het geweldig naar je zin! Gadver, wat ben ik jaloers maar oh zo blij voor jou :) Genietsje der mar lekker fan!!

    Dikke tút Maaike

  • 07 December 2012 - 21:05

    Simone En Jan En Kids:

    Hallo Gineke,

    Op de een of andere manier is ons leestempo sterk gedaald. Maar met Jan zijn Twents en mijn Duits is alles goed te volgen.
    Ik herken veel van mijn reis toen in 1999.
    Geniet ervan en houdt ons op de hoogte!

    Groetjes, Jan en Simone

  • 17 December 2012 - 08:03

    Marian:

    Gineke hat it sa drok mei genietsjen, se hat hast gjin tiid foar dizze side. Se hat it tige nei 't sin mei har reisgenoten. We misse har wol in bytjse hjir thus, mar gunne it har fan herte en it is sa ek gesellich. Mei kryst sil 't wol efkes slikken weze foar dij Gineke. We sille oan dy tinke en nimme ien op dij dan. It beljen slagget efkes net, mar we witte wer dast der nog bist. Juster in dei yn de bus sitten.

    oan gau. Heit en Mem

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Verslag uit: Thailand, Mueang Phuket

Gineke

Actief sinds 17 Okt. 2012
Verslag gelezen: 616
Totaal aantal bezoekers 6372

Voorgaande reizen:

25 November 2012 - 21 Maart 2013

Azie

Landen bezocht: